De poes mei de lange sturt
Baukje Wytsma & Carla van der Heijde
Poes heeft een superlange staart en zoekt naar manieren om er geen last van te hebben. Prentenboek met schilderingen in wat matte kleuren. Vanaf ca. 3 jaar.
"Prentenboek met fletse kleuren", dat lies ik yn e kompjûter by de bibleteek. Sa wol ik se net neame, by flets tink ik oan hiele bleke kleuren. Printen dy't hast net opfalle en dat kinst fan dizzen net sizze. Der sit in hiele soad kleur yn, safolle dat it boek der suver swier fan wurdt. De printen fertelle my fan in poes. Hy hat in ôfgryslik lange sturt, sa lang dat er de sturt wol oer trije finsterbanken hinne lizze kinl. No as er dat by ús oan de Noardkant fan it hûs docht hat er wier in hiele lange sturt. Mar dat docht er net, syn sturt leit oer trije finsterbanken yn in print. In aardige print. De ruten binne wat skean skildere. Poes leit yn de rjochter, syn sturt begjint dêr ek, it ding slingeret om in plant hinne yn de middelste, healweis it tredde finster spilet er line foar in jurkje en yn it lêste krûpt er troch it hânsel fan in kofjepot. Poes leit wol noflik want hy sjocht sa blier.
Mar sa sjocht er net altyd. As er in fûgeltsje fange wol of in mûs, dan sit altyd dy sturt yn e wei. Beamkeklimme wol net. Drave, ferjit dat mar. En mei de oare bisten boartsje kin ek net want se fine him stom. In poes mei sa'n lange sturt. Stomme kat!
Poes krûpt fuort. Hy leit yn e keamer, ferside ûnder syn lange sturt.
De sturt liket hieltyd langer te wurden as ik de printen lês. Hy past net iens mear yn de print. En poes sjocht hielendal net bliid mear. Hy moat wat betinke.
In aardich printeboek. Humoristyske betinksels om it probleem fan in te lange sturt op te lossen. Mar dy oplossing komt der. En it ein, dat fyn ik dan wer spitich, want dat is in ein sa't it meastentiids einiget mei ditsoarte ferhalen. In persoan dy't der bûten leit om't der wat eigenaardigs mei him is en ta einbeslút wol elkenien op him lykje.
Dit boek is yn opdracht fan Stichting it Fryske Boek útjûn troch de Afûk foar de Sutelaksje en de berneboeketiid 2004.
ISBN 990 6273 647 5 Hardcover 24 pagina's Utjefte: Afûk, Ljouwert 2004